R.R. van der Leest Komme dy kepers?
E-book
"Mei Komme dy kepers? (1969) en Boef fan Rys (1972) foege Van der Leest in nij sjenre ta oan de Fryske literatuer. Yn de boartlike detektiveferhalen oer Nier Hinnebruier en Dynte Planteit lit er syn personaazjes gâns wylde avontoeren belibje. Hja ferkeare derby yn lúkse fermiddens sa't dy net earder beskreaun wiene yn it Frysk. Boppedat moetsje hja de meast nuveraardige typen dy't - lykas hjasels - gauris mear wei hawwe fan stripfigueren as fan minsken."