Hylke Tromp | Bouke Oldenhof | Alpita de Jong | Doeke Sijens Oer Fryske literatuer 2000-2010
Sirkwy Seminar
Luisterboek (digitaal)
Fjouwer nijsgjirrige lêzingen oer de stân fan de Fryske literatuer yn de 21ste ieu. Live opnommen yn Tresoar mei fjouwer ferskillende ynlieders. De lêzings binne mei publyk opnommen yn de Gysbert Japicx seal fan Tresoar. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, yn gearwurking mei Tresoar, de BSF en taalburo Popkema. Stipe waard jûn troch provinsje Fryslân, Je Maintiendrai, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Douwe Kalma stifting en it FLMD-fûns. Ynhâld A. De tromp fan Driessen - Hylke Tromp oer de poëzij (30 nov. 2010) Nei in yntroduksje fan himsels as aktor yn it Fryske literêre fjild en in algemiene evaluaasje fan it dichterskip, jout Tromp in frij wiidweidich oersjoch fan wat der de lêste tsien jier ferskynd is. Dêrby giet it om in persoanlik ferhaal oer de aard fan en de poadia foar de dichtkeunst yn ús provinsje. Mei help fan foarbylden en in eigen ynterpretaasje besiket er de earste dekade fan de ienentweintichste ieu yn kaart te bringen. Sa besiket er in antwurd te krijen op syn wurkfraach: Fryske poëzij, wat stelt it foar? B. It ferlies foarby - Bouke Oldenhof oer it toaniel (11 jan. 2011) Nei in algemiene ynlieding oer toaniel mei de rol fan poadia, selskippen en skriuwers, giet Oldenhof yn op de Fryske situaasje yn de 21ste ieu. Hy ljochtet it teaterbestel troch, mei rom oandacht foar Tryater, mar ek foar oare inisjativen lykas Sult en Probe, om dêrnei ek it amateurtoaniel oandacht te jaan. Nei in beskriuwing fan de rol fan de literatuer yn it Fryske teater, beslút er mei in karakteristyk fan it Fryske toaniel, en in nijsgjirrige konklúzje. C. Spegelskrift - Alpita de Jong oer (it lêzen fan) de roman (25 jan. 2011) De Jong begjint mei in koarte ynlieding oer wat lêzen ynhâldt. Dêrnei wurdt it proaza yngeand bepraat, earst oan de hân fan de romans Oxzana (Marga Claus) en Joppe (Hein Jaap Hilarides), dêrnei komme oare romans en ferhalenbondels oan bar, dy't brûkt wurde om ferbannen en ûntwikkelingen oan te jaan. Ferskate sjenres, lykas de histoaryske roman, de detektive en de psychologyske ûntwikkelingsroman, wurde mei foarbylden útljochte. D. It libben sels - Doeke Sijens oer it biografyske yn de literatuer yn Fryslân (8 feb. 2011) Sijens hâldt in lêzing oer de biografy, de autobiografy en de vie romancée yn 'e Fryske literatuer fan de lêste tsien jier. Nei in taljochting op de trije sjenres en in koart weromsjen op wat der earder ferskynd is op dit mêd, behannelet er de teory fan de biografy en komt ek mei eigen ûnderfiningen op dit mêd. Dêrnei komt de autobiografy oan bar, mei foarbylden lykas Piter Terpstra, en de vie romancée, dêr't bygelyks Lida Dykstra har op útlibbe hat. Hy beslút mei in algemiene konklúzje oer de stân fan de literatuer oan de ein fan 2010. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Anderen bekeken ook
-
De achterkant van de bevrijding
Bertram Mourits
-
Lammert Voos
-
Edgar Allan Poe
-
David Coulthard