Zoekresultaten
Resultaat 1 - 20 (van 62)
Janneke Spoelstra De kleine Fries voor dummies
'De kleine Fries voor Dummies' is de toegankelijke en praktische kennismaking met het Fries, de bekendste officiële minderheidstaal van Nederland. Je leert de taal in alledaagse situaties toe te passen, zoals bij het kennismaken en op vakantie, maar ook bij sport en ontspanning, winkelen, eten en drinken, wonen en werken en in noodsituaties. Het boekje besluit met tien bekende Friese zegswijzen. Janneke Spoelstra is eigenaar van Vertaalbureau It Oerset in Alde Leie, in het noorden van de provincie...
Non-Fictie
Nederlands, ePub2, 0,8 MB, Voor Dummies, Amersfoort, 2018
E-book
Redmond O'Hanlon In reis nei it hert fan de Kongo
"Ik sil in grutte reis meitsje troch de oerwâlden yn it fiere noarden, mei de beamkano nei de boarnen fan ’e Motaba, dêr’t wy de boaten efterlitte, dan te foet troch it moeraswâld en oer de wetterskieding nei de Ibenga, yn ’e hope dat wy dêr in oare kano fine, en dan, as we gelok ha, de rivier ôfsakje nei de Likouala-aux-Herbes en te foet fierder nei de ferburgen mar, Lac Télé, dêr’t Mokélé-Mbembé, de Kongodinosaurus wenje soe.” Sa kundiget Redmond O’Hanlon syn reis oan by in tsjoenster yn Brazzaville,...
Westerlauwers Fries, 865 pagina's (ePub3, 180 MB), Fier, Leeuwarden, 2023
E-book
Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige fantasijwrâld...
Fictie
Westerlauwers Fries, 162 pagina's (PDF, 19 MB), Elikser, Leeuwarden, 2019
E-book
Klaas Bruinsma Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen. Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettings yn...
Fictie
Westerlauwers Fries, 182 pagina's (ePub3, 0,6 MB), Elikser, Leeuwarden, 2018
E-book
Sjieuwe Borger Pûlen-yn-de-pot
Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens...
Fictie
Westerlauwers Fries, 197 pagina's (ePub2, 1 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2018
E-book
Jan Schokker De humor yn
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte...
Fictie
Westerlauwers Fries, 99 pagina's (ePub2, 1,2 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2018
E-book
Waatze Gribberts brulloft
Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw? It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Non-Fictie
Westerlauwers Fries, 162 pagina's (ePub2, 0,8 MB), Elikser, Leeuwarden, 2017
E-book
Kathy Reichs Firalen
In magysk en tige spannend fantasyferhaal yn it sjenre young adult fiction fan de hân fan de populêre skriuwster Kathy Reichs. In wolk luts foar de sinne del en smiet in skaad oer de lytse romte dêr’t ik op ’e knibbels siet. Imerkes tsjirpten op ferburgen plakken. It swit plakte myn shirt oan myn rêch fêst. Neat kaam by my binnen. Myn geast siet kompleet fêst oan dy lytse brune foarwerpen foar my. Ik twong mysels om de wierheid ûnder eagen te sjen. Ik hie de bonkjes fan in minsklike hân bleatlein....
Westerlauwers Fries, 12 uur 22 minuten (jpg, 4,3 MB), Elikser, Easterwierrum, 2016
Luisterboek (digitaal)
Froon Akker Einum
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat...
Westerlauwers Fries, 9 uur (jpg, 512 MB), Froonakker, Easterwierrum, 2016
Luisterboek (digitaal)
Abe de Vries, Durk Gorter, Jelle Krol, Meindert Reitsma Jonge Friezen mei kulturele ambysje
Sympoasium ûnder de titel Fryslân en de wrâld 2.0 mei fjouwer lêzings oer ferskate aspekten fan (de ynfloed fan) Douwe Kalma
It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinavië en net op Hollân - en mear. Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip...
Westerlauwers Fries, 1 uur 34 minuten (jpg, 3 MB), Sirkwy/Tresoar, Easterwierrum, 2015
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Keatse foar de krânse
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, mar hy wol mear! De Bûnspartij by de skoaljonges, en fansels de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes. Ynhâld Yn it Jongespartoer... 1. It...
Westerlauwers Fries, 2 uur 36 minuten (jpg, 147 MB), Frysk en Frij, Easterwierrum, 2015
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra De skat fan jonker Jan
Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje. Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan! Dat...
Westerlauwers Fries, 3 uur 56 minuten (jpg, 238 MB), Afûk, Easterwierrum, 2015
Luisterboek (digitaal)
Aant-Jelle Soepboer, Edgar Allan Poe, Geart Tigchelaar, Willem Schoorstra Fryske horror
Grouwélige ferhalen - Live registraasje
Ferhalen fan de Fryske Horrortoer 2014, organisearre troch útjouwerij Regaad Grins Bernlef, Easterwierrum de Tysker, Bitgummole Ons Huis, Dokkum Zero, Burgum Kiehool. Douwe Kootstra bringt in huveringwekkende stoarje út de Wâlden, dat him oan en by de Goddeleaze Singel ôfspilet, by wat no Noardburgum hyt. Willem Schoorstra skreaun it ferhaal Chill, dêr't it op in horribele wize mis giet. Gjin ferhaal om koart foar in jûntsje stappen te hearren. Aant Jelle Soepboer makke spesjaal foar dizze tournee...
Westerlauwers Fries, 1 uur 41 minuten (jpg, 6,9 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Eric Hoekstra, Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege Klassikers yn de (Fryske) literatuer
Live út de Skierstins
Sympoasium ûnder de titel 'Alde Meuk?' mei trije lêzings oer klassikers yn de Fryske literatuer. Friduwih Riemersma: Tiids tosk vs ikonoklasme Oer de rol fan klassikers yn ús kulturele libben. Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan útsjen?...
Westerlauwers Fries, 1 uur 27 minuten (jpg, 5,8 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong It is foar de hearen
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea! Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte. ‘Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?’ Harm rint nei de keaplju ta en stekt...
Westerlauwers Fries, 2 uur 52 minuten (jpg, 164 MB), Afûk, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Ep van Hijum Muoike klaptut
en oare koarte ferhalen
Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha. Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen! En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan. Wat dat is? Dan silst nei it boek hearre moatte... Inhoud 1. Tsja, wat dan 2. It swit op e foarholle 3. Dit moat oars 4. In drokte fan komsa 5. Nuver, hear 6. Geartsma de utjouwer 7. Fereale a 8. Fereale b...
Westerlauwers Fries, 2 uur 25 minuten (jpg, 138 MB), Koperative Utjouwerij, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Klaas Bruinsma, Pablo Neruda Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
yn de Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma
Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einiget de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen wurdt...
Westerlauwers Fries, 3 uur 16 minuten (jpg, 174 MB), Elikser, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Tiny Mulder Tin iis
Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe't minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe't se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe't se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se 'ja' sein hawwe op dat berop. Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge troch...
Westerlauwers Fries, 10 uur 37 minuten (jpg, 5,1 MB), De Tille, Easterwierrum, 2014
Luisterboek (digitaal)
Trinus Riemersma De Reade Bwarre
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauwers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis...
Westerlauwers Fries, 25 uur 39 minuten (jpg, 1036 MB), Koperative Utjouwerij, Easterwierrum, 2013
Luisterboek (digitaal)
Bert Looper, Meindert Schroor, Nanne Kalma, Tryntsje van der Steege See, see, do wide see
Fjouwer lêzings
Sympoasium mei in ynlieding en trije lêzings oer de see yn de Fryske literatuer. Ynhâld Meindert Schroor: De see en wy. Mei de rêch nei de see Nanne Kalma: De see yn folkslieten Tryntsje van der Steege: Byldfoarming & Byldspraak. De see as dekor en as metafoar yn it Fryske proaza. Bert Looper: Dêr’t de dyk it lân omklammet. De see yn de Fryske poëzij. De lêzings binne yn it Hannemahuis yn Harns opnommen. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit tredde jier fuortset troch in wurkgroep...
Westerlauwers Fries, 1 uur 43 minuten (jpg, 4,5 MB), Audiofrysk, Easterwierrum, 2013
Luisterboek (digitaal)