de online Bibliotheek

Ga direct naar de inhoud, het zoekveld of het hoofdmenu.

  • Inloggen
    • Mijn boekenplank
    • Mijn profiel
    • Uitloggen
  • Word lid
  • e-books
  • luisterboeken
  • tijdschriften
  • jeugd
  • word lid
  • contact
  • meer
    • de online Bibliotheek-app
    • leestips
    • leren
    • podcasts

Zoekresultaten

Resultaat 1 - 20 (van 61)

Filteren

  • Anneke Sieperda Omsjen

    Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 224 pagina's (ePub2, 1,3 MB), Elikser, Leeuwarden, 2021

    E-book

  • Meindert Bylsma Moard yn tsjerke

    De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 115 pagina's (ePub2, 0,7 MB), Elikser, Leeuwarden, 2021

    E-book

  • Hilda Talsma Wyntrilogy

    Bundeling van de drie skûtsjeromans van Hilda Talsma

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 492 pagina's (ePub2, 1,4 MB), Elikser, Leeuwarden, 2021

    E-book

  • Meindert Bylsma It iene hellet it oare út

    (assosjaasjeroman)

    Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 246 pagina's (ePub2, 0,7 MB), Elikser, Leeuwarden, 2021

    E-book

  • Wytske Bakker-Veninga Jeltsje fan Ieme tou

    Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 202 pagina's (ePub2, 1,2 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2021

    E-book

  • Jan Schokker De flecht fan Victor

    It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 116 pagina's (ePub2, 0,9 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2020

    E-book

  • Hilda Talsma De Onnie's en it hynstebal

    It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 241 pagina's (ePub2, 1,3 MB), Elikser, Leeuwarden, 2019

    E-book

  • Nearnewâld

    It Skriuwersboun 50 jier

    Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige fantasijwrâld...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 162 pagina's (PDF, 19 MB), Elikser, Leeuwarden, 2019

    E-book

  • Eize de Boer Monkeys dilemma

    It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 175 pagina's (ePub2, 1,5 MB), Elikser, Leeuwarden, 2018

    E-book

  • Meindert Bylsma Moard yn 'e hite hei

    speurdersroman

    Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd,...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 126 pagina's (ePub2, 1,3 MB), Elikser, Leeuwarden, 2018

    E-book

  • Jan Schokker De humor yn

    Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 99 pagina's (ePub2, 1,2 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2018

    E-book

  • Geert Nauta In soarte fan bûgjen

    Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade....

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 161 pagina's (ePub2, 1,3 MB), Elikser uitgeverij, Leeuwarden, 2018

    E-book

  • Sjieuwe Borger Pûlen-yn-de-pot

    Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe't Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 197 pagina's (ePub2, 1 MB), Elikser Uitgeverij, Leeuwarden, 2018

    E-book

  • Hilda Talsma Wyn fan de winners

    Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 224 pagina's (ePub2, 1,1 MB), Elikser, Leeuwarden, 2017

    E-book

  • Froon Akker Einum

    roman

    Het wel en wee van 18 Einumer dorpelingen.

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 311 pagina's (ePub2, 0,5 MB), Elikser, Leeuwarden, 2017

    E-book

  • Tr. Riemersma Libben en dea neffens Jelke Bos

    Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 46 pagina's (ePub2, 1,5 MB), Elikser, Leeuwarden, 2017

    E-book

  • Jan Schokker Kabel en tou

    Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst ûnder...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 91 pagina's (ePub2, 0,9 MB), Elikser, Leeuwarden, 2016

    E-book

  • Hilda Talsma Frisum Trilogy

    Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 590 pagina's (ePub2, 1,3 MB), Elikser, Leeuwarden, 2016

    E-book

  • Hilda Talsma Wyn fan de wierheid

    Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde...

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 203 pagina's (ePub2, 1,1 MB), Elikser, Leeuwarden, 2016

    E-book

  • Meindert Bylsma En dêr marsjearje ik hinne

    Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie

    Fictie

    Westerlauwers Fries, 93 pagina's (ePub2, 0,7 MB), Elikser, Leeuwarden, 2016

    E-book

Paginanavigatie

Vorige
  1. 1 (actief)
  2. 2
  3. 3
  4. 4
Volgende

Verfijnen op resultaten

Actieve filters

  • Verwijder romans en novellen ; oorspr. - Fries

Leesvorm

  1. Voor telefoon of tablet (62)
  2. Voor e-reader (18)
  3. Voor pc of laptop (62)

Genre

  1. Psychologische roman (5)
  2. Kinderboek (4)
  3. Streek- en boerenroman (4)
  4. Historische roman (2)
  5. Humoristische roman (2)
  6. Verhalenbundel (2)
  7. Detectiveroman (1)
  8. Romantische verhalen (1)
  9. Oorlogsroman (1)
  10. Sociale roman (1)
  11. Protestants milieu (1)

Onderwerp

  1. Proza (romans/novellen) (61)
  2. Literaire roman, novelle (26)
  3. Fictie: algemeen en literair (24)
  4. Klassieker (14)
  5. Streek- en familieromans (13)
  6. Moderne en hedendaagse fictie (9)
  7. Hedendaagse levensstijl fictie (9)
  8. Hedendaagse romantiek (7)
  9. Verhalenbundels (6)
  10. Detective (5)
  11. Kinderboeken, Stripverhalen (4)
  12. Digitale versies (4)
  13. jeugdboeken ; verhalen (4)
  14. Fictie 15+ (4)
  15. Misdaad en mysterie: politieserie (4)
  16. Dichtkunst (3)
  17. Fries (3)
  18. gedichten ; oorspr. - Fries (3)
  19. Friesland (3)
  20. Dubbelpublieksboeken (3)
  21. Bloemlezingen (2)
  22. Humor (2)
  23. Jeugdromans (2)
  24. Oorlogservaringen (2)

Auteur

  1. Talsma, Hilda (8)
  2. Bylsma, Meindert (6)
  3. Wadman, Anne (5)
  4. Riemersma, Tr. (4)
  5. Schokker, Jan (4)
  6. Veer, Akky van der (2)
  7. Goïnga, Hylkje (2)
  8. Akkerman, Paulus (2)
  9. Borger, Sjieuwe (2)
  10. Holtrop, T.E. (1)
  11. Meulen, T.G. van der (1)
  12. Boer, Eize de (1)
  13. Miedema, Hessel (1)
  14. Bilker, Jetske (1)
  15. Veen, Hjerre Gerryts van der (1)
  16. Bakker-Veninga, W. (1)
  17. Verf, Willem (1)
  18. Kingma, Bart (1)
  19. Annema, Froukje (1)
  20. Veen, H.G. van der (1)
  21. Kiestra, Douwe Hermans (1)
  22. Bakker-Veninga, Wytske (1)
  23. Akker, Froon (1)
  24. Nauta, Geert (1)
  25. Leest, R.R.R. van der (1)

Uitgever

  1. Elikser, Leeuwarden (32)
  2. TDE, Leeuwarden (25)
  3. Elikser Uitgeverij, Leeuwarden (4)
  4. Elikser uitgeverij, Leeuwarden (1)

Jaar

  1. 2021 (5)
  2. 2020 (1)
  3. 2019 (2)
  4. 2018 (5)
  5. 2017 (3)
  6. 2016 (4)
  7. 2015 (5)
  8. 2014 (8)
  9. 2013 (2)
  10. 2012 (26)
  11. 2010 (1)

De online Bibliotheek

  • E-books
  • Luisterboeken
  • Tijdschriften
  • Jeugd & Jongeren
  • online Bibliotheek-app
  • Nieuwsbrief
  • Over ons

Vind ons ook op

  • Facebook
  • Twitter
  • Pinterest
  • Instagram
  • YouTube

Klantenservice

  • Vragen of hulp nodig?
  • Lid worden
  • Contact

Onze kleine lettertjes

  • Gebruiks­voorwaarden
  • Website­voorwaarden
  • Privacy
  • Cookies
  • Toegankelijkheid
  • Verantwoordelijkheid