Zoekresultaten
Resultaat 1 - 12 (van 12)
Baukje Wytsma Silke & miss Dee
De âlde miss Dee, dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op...
Westerlauwers Fries | 2 uur 50 minuten (245 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Mirjam van Houten Tije
Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje. Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan. Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean? Yn 'e stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 2 uur 6 minuten (182 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2022
Luisterboek (digitaal)
Marianna van Tuinen Boer Bo en de dreamko
Ferona is in fleurige ko. Twa kear deis komt boer Bo om har te melken. Hearlik! Se kin ek wat hiel bysûnders. Ferona betinkt dingen dy't net kinne. Oranje molke, blau gers, in griene sinne. Oare bisten probearje it ek en belibje sa prachtige aventoeren. Kin boer Bo dat einliks ek? Dy is faak sa somber. 'Besykje it mar ris,' seit Ferona. En wat der dan mei boer Bo gebeurt ... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 43 pagina's (ePub3, 27 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Jurjen van der Meer Sin oan
De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen fan it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. De bondel befettet in tal 'Pas op...'-gedichten, mei yllustraasjes fan Maaike van den Akker, in searje 'Op in ...'gedichten, mei yllustraasjes fan Lip Ferwerda en in tritichtal frije fersen. Jurjen hat in oansprekkende, tagonklike styl. It binne fersen mei in knypeach....
Fictie
Westerlauwers Fries | 215 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Marianna van Tuinen De reinbôgedolfyn
It dolfyntsje Lara wol sa graach yn de kleuren fan de reinbôge swimme. Se freget oan har freontsjes hoe't dat moat. Reno leart har dat se de kleuren op 'e boaiem fan de see fynt. En Fiola leart har dat se o sa heech springe kin, as se dat hiéééééél graach wol. Noch heger as de wolken. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 31 pagina's (ePub3, 15 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Hilda Talsma Slangen ûnder it bêd
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta...
Fictie
Westerlauwers Fries | 181 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Marianna van Tuinen It hûs fan Simen
Simen Slak is grutsk op syn hûs. Foaral op de bûtenkant. Binnen is it mar saai. Der moat wat moais, wat fijns yn komme, fynt Simen. Mar wêr fynst dat? Yn it bosk komt er syn freonen tsjin. Hy kin se net allinnich helpe mei harren problemen, hy krijt sels antwurd op syn fraach. Syn slakkehûs wurdt foller en foller. In oar helpe is moai, mar is dat ek goed foar Simen sels? Hy komt hast net mear foarút ... Gelokkich hat de nachtûle in oplossing. En dan komt sels nóch in grutte dream fan Simen...
Fictie
Westerlauwers Fries | 40 pagina's (ePub3, 26 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Marianna van Tuinen Remus Reuzemûs
Remus skept altyd op dat er sa grut en sterk is. Mar de oare mûzen lústerje dêr al net mear nei. Dêrom beslút er op in dei om wat te dwaan dêr't se fêst fan opsjen sille. Hy makket in ljedder en klimt dan yn in hege beam. Mar de ljedder waait fuort en de oare mûzen hawwe him net iens sjoen. Gelokkich sjocht de moanne wol nei Remus. En dy leart him wat dêr't er hiel bliid mei is. Fan dy dei ôf binne de mûzen grutsk op Remus, dy't sels mei de moanne prate kin. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 37 pagina's (ePub3, 18 MB) | Elikser uitgeverij, Ljouwert | 2019
E-book
Marianna van Tuinen It geheim fan de mist
Op 'e planeet Alivia is it altyd mistich en einliks kinst dêr net libje. Frjemd genôch stiet dêr in grut hûs, dêr't wêzens wenje dy't sizze dat se tefreden binne. De pyntere Matibi leaut dat net, want wêrom rint iderien dan sa suffich rûn? En wêrom is it altyd sa dampich? Net ien wol dêr mei him oer prate of der wat oan dwaan. Ek baas Lumus en syn helpers net. Matibi giet op ûndersyk út en ûntdekt in freeslik geheim ... Kin hy de minsken wekker skodzje? Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 36 pagina's (ePub3, 42 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Marianna van Tuinen De fjoerdiamant
"Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hart hiel waarm"
Fictie
Westerlauwers Fries | 36 pagina's (ePub, 5,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Marianna van Tuinen Livia's romtedream
Livia oefenet har sprekbeurt oer it universum. Op ynternet fynt se feiten genôch, mar echt boeiend binne dy net. It moat einliks oer bûtenierdske wêzens gean, tinkt Livia, dan sil de klasse séker goed lústerje! Dy nachts dreamt se dat se troch de kosmos fljocht. Se ûntdekt dingen dy't noch gjinien wit. Op skoalle fertelt Livia hoe't je yn de romte reizgje kinne. Kin dat dan? De klasse sil it no ek probearje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 38 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Marianna van Tuinen De bûtenierdske reis fan Q en Quinta
Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan. 'Ik bin Q', seit it frjemde dier. 'Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?' Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn. Op elke planeet dêr't se komme treffe se bûtenierdske wêzens. Dy sjogge der hiel ferskillend út. Se meitsje in soad nije freonen. It wurdt hiel...
Fictie
Westerlauwers Fries | 41 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book