Zoekresultaten
Resultaat 1 - 7 (van 7)
Eize de Boer Monkeys dilemma
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 175 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2018
E-book
It Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Meindert Bylsma It iene hellet it oare út
(assosjaasjeroman)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat...
Fictie
Westerlauwers Fries | 246 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Froon Akker Einum
roman
Het wel en wee van 18 Einumer dorpelingen.
Fictie
Westerlauwers Fries | 311 pagina's (ePub2, 0,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Tr. Riemersma Libben en dea neffens Jelke Bos
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben...
Fictie
Westerlauwers Fries | 46 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Meindert Bylsma En dêr marsjearje ik hinne
Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 93 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Geert Nauta In soarte fan bûgjen
Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade....
Fictie
Westerlauwers Fries | 161 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser uitgeverij, Leeuwarden | 2018
E-book