Zoekresultaten voor: biografie
Resultaat 1 - 11 (van 11)
Edgar Allan Poe De Raven en oare oersettingen
D.A. Tamminga (1909-2002), dy't njonken in grut en oertsjûgjend eigen oeuvre ek gâns oersettingen út oare talen op syn namme brocht hat, publisearre yn 1949 ta betinking fan E.A. Poe syn 100ste stjerdei syn oersetting fan The Raven yn it spesjale Poe-nûmer fan De Tsjerne. Dy oersetting komt de sombere glâns en de sonoare lûding fan it orizjineel mear benei as hokker oare oersetting ús bekend. (Freark Dam yn 1984) Neist De Raven binne de oersettingen fan njoggen koartere en ien langer gedicht...
Westerlauwers Fries | 49 minuten (70 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2023
Luisterboek (digitaal)
Atze van Wieren Swannesang
De naam Swannesang suggereert een laatste verdienste, en dat is deze bundel in feite ook. Klaas Bruinsma heeft als sluitstuk in zijn leven gedichten van zijn goede vriend Atze van Wieren vertaald in, zoals gebruikelijk, prachtig klinkend Fries. Deze bundel bevat een bloemlezing uit de dichtbundels Grondstof, Bedevaart en Eeuwig leven van Van Wieren, die we in het Fries terugzien als Grûnstof, Pylgerreis en Ivich libben. De subtiele observaties en de soms gevoelige, soms onstuimige gemoedsbewegingen...
Fictie
Westerlauwers Fries | Nederlands | 200 pagina's (ePub3, 2,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Tineke Steenmeijer-Wielenga | Geart van der Meer Obe Postma
in libben dat bloeide nei syn aard
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 428 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Willem Tjerkstra Mysterieuze krêften
Mysterieuze krêften is it fjirde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes en It Godsmystearje wurdt it libben...
Fictie
Westerlauwers Fries | 316 pagina's (ePub2, 3,6 MB) | Aspekt, Soesterberg | 2021
E-book
Jan Schokker De humor yn
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte...
Fictie
Westerlauwers Fries | 99 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2018
E-book
Tsjêbbe Hettinga Het vaderpaard
alle gedichten
De bundel Het vaderpaard / It faderpaard - Alle gedichten omspant het volledige dichterlijke oeuvre van de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga. Het boek bevat vele gedichten die niet eerder uit het Fries naar het Nederlands zijn vertaald, waaronder zijn laatste bundel De ring van Gyges, die na Hettinga's dood werd aangetroffen op zijn computer. Het is een beeldende en kleurrijke bundel over liefdeskoorts en de dood. De laatste twintig jaar van zijn loopbaan trad Hettinga in het buitenland op. Door zijn...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | Nederlands | ePub2 | De Bezige Bij, Amsterdam | 2017
E-book
Akky van der Veer Brieven oan ús mem
Verslag door de Friese schrijfster (1943- ) in 72 brieven aan haar overleden moeder van een zoektocht op het gebied van zingeving en spiritualiteit.
Fictie
Westerlauwers Fries | 235 pagina's (ePub2, 3,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Doeke Sijens Sa'n tuzen blauwe skriften
biografy fan Reinder Brolsma
"Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 384 pagina's (ePub2, 14 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Wilma Miedema In oare wei, mei oare eagen
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 173 pagina's (ePub3, 3,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
"Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dyt yn syn eigen lân sjoen wurdt...
Fictie
Westerlauwers Fries | 135 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Ridders fan de Rûne Tafel
Dit ferhaal is in oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje. Lykwols spilet net Perseval in haadrol, mar earder Walewein. Perseval komt yn folle gefallen mar sydlings op it toaniel, meastentiids om Walewein of oare ridders út de swierrichheden te rêden. It ferhaal begjint mei in sêne oan it hôf fan kening Artur, dêr't de ridders mei-inoar oan de feestdis sitte, omt Perseval nei lange omswervingen wer weromkommen is. Wylst hja oan it iten binne komt der in tige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 186 pagina's (ePub3, 2,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book