Zoekresultaten voor: waargebeurd
Resultaat 1 - 9 (van 9)
Klaas Ybema Bern op 'e romte
In fiere pleats midden op ′e romte tusken Wytmarsum en Boalsert yn ′e sechstiger jierren. ′Pankoeken′ hjir it dêr. Hoe wie it om dêr as bern op te groeien fier fan de buorren en oare bern, earst sûnder stroom en wetterlieding, mar midden tusken de greidefûgels? Yn 45 ferhalen fertelt Klaas Ybema (1955, âld ierdrykskundelearaar en waarman te Warkum) hoe′t it libben him dêr doe ôfspile. Fêst tige werkenber foar alle minsken dy't yn dy tiid en yn ferlykbere omstannichheden grut wurden binne....
Westerlauwers Fries | 4 uur 35 minuten (395 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2026
Luisterboek (digitaal)
Jetske Bilker | Neeltje Bonnema | Mindert Wijnstra Fan Duveldrek nei Hoarnestreek
Folksferhalen út de doarpen fan Frjentsjerteradiel
Yn 2007 is de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel begûn mei it sykjen nei folksferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel en dy hawwe se fûn! En sa is Fan Duveldrek nei Hoarnestreek ûntstien. In boek mei 30 ferhalen, foto’s, in hiel protte anekdoates, in rûte troch alle 16 doarpen, plattegrûnen fan de gemeente en de doarpen, in rûte yn elk doarp en histoaryske feiten fan de doarpen. Foar mear ynformaasje sjoch ek: www.fryskspektakel.nl Inhoud Achlum 1 De brulloft dy't net...
Westerlauwers Fries | 4 uur 12 minuten (246 MB) | Utjouwerij Fryslân, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Bretaalwei De Brand
Hoe't Johannes Brandsma de grinzen ferlei
Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke...
Westerlauwers Fries | 3 uur 49 minuten (182 MB) | Frysk en Frij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anne Tjerk Popkema | Gebroeders Grimm De moaiste mearkes fan Grimm
Spesjaal bewurke foar bern
De mearkes fan de Bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Al twa ieuwen lang sprekke se jong en âld oan. 14 fan dizze klassike mearkes hat de oersetter justjes bewurke foar jongere bern. Ynhâld 1. Toarnroaske 2. Hâns en Grytsje 3. Readkapke 4. Raaplokje 5. De kikkertskening 6. Broerke en suske 7. De wolf en de sân geitsjes 8. Kening Klysterburd 9. Oegemantsje 10. Sniewytsje en Roazerea 11. Bûntepels 12. De guozzefaam 13. De sân ravens 14. Frou Holle Bron:...
Westerlauwers Fries | 2 uur 10 minuten (148 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2013
Luisterboek (digitaal)
Tineke Steenmeijer-Wielenga | Geart van der Meer Obe Postma In libben dat bloeide nei syn aard
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 428 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Jan Schokker De humor yn
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte...
Fictie
Westerlauwers Fries | 99 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2018
E-book
Wilma Miedema In oare wei
mei oare eagen
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 173 pagina's (ePub3, 3,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Akky van der Veer Brieven oan us mem
Verslag door de Friese schrijfster (1943- ) in 72 brieven aan haar overleden moeder van een zoektocht op het gebied van zingeving en spiritualiteit.
Fictie
Westerlauwers Fries | 235 pagina's (ePub2, 3,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2013
E-book
Sjoerd van der Schaaf Skiednis fan de Fryske biweging
Geschiedenis van de Friese beweging.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 417 pagina's (ePub2, 19 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book